Fargeul bedriget Flylân

17 maaie 2007 - 09:01
  • Seedyk op Flylân bedrige

Rykswettersteat pakt mei spoed in steile wand fan in fargeul by Flylân oan. De geul leit op 50 meter fan it doarp en driget yn te sakjen. Dan soe der ek skea ûntstean kinne oan de dyk om it doarp hinne.

Om de steile wand ôf te flakjen wurdt der sa'n 250.000 kuub grintsân en 100.000 ton stien yn stoart. It wurk wurdt op koarte termyn dien, omdat it klear wêze moat foardat fan't hjerst it stoarmseizoen begjint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)