Goede jiersifers AB Fryslân

AB Fryslân Snits © Google Street View
Utstjoerburo AB Fryslân en Noard-Hollân is tefreden oer de sifers fan ferline jier. Doe draaide it bedriuw nettsjinsteande de mindere ekonomy in hegere omset as yn 2010. It giet om in taname fan alve prosint. De hegere omset komt benammen omdat der mear bedriuwen payrollaktiviteiten ôfnamen. Dêrby fiert AB de salarisadministraasje foar it bedriuw út. Der waard ek mear personiel útliend.
AB Fryslân en Noard-Hollân hat sawat 1100 minsken yn fêste tsjinst en kin boppedat beskikke oer likernôch 4000 útstjoerkrêften út Nederlân en Poalen.