Gjin 220 stean-karavans

16 maaie 2007 - 20:39

Eigner Ron van Booma fan rekreaasjepark Schatzenburg by Menaam mei net 220 stean-karavans delsette op syn park. Dat hat de Raad van State woansdei bepaald. De ried bûgde him oer in heger berop fan Van Booma tsjin deputearre steaten.

It deistich bestjoer fan de provinsje wol net dat Van Booma safolle karavans op syn park delset. Foar Van Booma kaam de útspraak net as in ferrassing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)