'Idee Stoomstêd net nij'

16 maaie 2007 - 18:19

De betinkers fan Stoomstêd Snits ha plagiaat pleegd. Dat fynt Ljouwerter NPL-riedslid Stoelinga. Hy hat yn 2001 al in idee foar in treinattraksjepark yn Ljouwert fêstlein yn in notariële akte. No naait Snits út mei it plan, sa fynt hy.

Tiisdei waard yn Snits in miljoeneplan presinteard foar Stoomstad Sneek. Stoelinga oerwaget nei de rjochter te stappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)