Beima fjirde yn Olympia's Tour

16 maaie 2007 - 17:37

Marcel Beima kaam woansdei as fjirde oer de einstreek yn de fjirde etappe fan Olympia's Tour. De rit oer 174 kilometer nei It Hearrenfean waard troch de hurde wyn in slachfjild. Beima siet mei Sipke Zijlstra (achtste) yn de kopgroep fan 14 man.

De lettere winner Lars Boom en de nûmer twa Martijn Maaskant rieden yn de lêste 40 kilometer by de kopgroep wei. Alle oare Friezen kamen op grutte achterstân binnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)