Skoaleksamens úteinset
Foar sa'n 200.000 Nederlânske skoalbern is woansdei in spannende tiid oanbrutsen. De sintrale eksamens binne wer begûn. Foar HAVO en VWO stie woansdei as earste it eksamen Nederlâns op it programma. Yn trije oeren moasten de learlingen in opstel skriuwe.
Woansdeitemiddei wie it noch tiid foar wiskunde-eksamens. De VMBO-learlingen begjinne moandei mei de eksamens.