Soad boetes foar frachtweinen

16 maaie 2007 - 15:12

In kontrôle fan frachtweinen hat tiisdei in tryste skoare opsmiten. Sawat de helte fan de frachtauto's dy't foar kontrôle oan de kant set waard, hie de saken net op oarder.

De plysje kontrolearre by Drachten en by Terwispel. Sa'n santich frachtauto's waarden neisjoen op fan alles en noch wat. De plysje hat 27 kear in bekeuring útdield. Guon hiene gjin goede papieren, oare wiene te swier laden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)