Diel Illegal Vibes ferhuzet

Illegal Vibes: de dance bûten giet nei Ljouwert
Dancefestival Illegal Vibes ferhuzet foar in part út Harns wei. It bûtenpart fan it festival giet nei Ljouwert ta, it binnendoardiel bliuwt sa't it is. It muzykevenemint lûkt alle jierren hûnderten leafhawwers fan dancemuzyk.
It terrein dêr't it yn Harns hâlden waard, wurdt mooglik ferkocht. Dêrom is keazen foar in nije lokaasje, achter it FEC. It festival krijt yn Ljouwert de namme Audio Shock.