Jeugdynrjochting yn It Fean

16 maaie 2007 - 14:37

Justysjele jeugdynrjochting Het Poortje wol in selsstannige ôfdieling iepenje op It Hearrenfean. Dêr moat plak komme foar sa'n 80 jongeren.

Het Poortje hat in foarkar foar It Fean fanwege de sintrale lizzing. De jeugdynrjochting wol yn de takomst kriminele jongeren ticht by hûs opfange. Dat makket it weromgean yn de maatskippij makliker. De nije ôfdieling fan It Poortje moat wurk jaan oan sa'n 170 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)