Fiif oanhâldings yn himpsaak

23 mrt 2012 - 15:43

De plysje hat mei de oanhâlding fan fiif Grinzers de dieders achter in grutte himpkwekerij yn Hurdegaryp fûn. Dy waard ein ferline jier oprôle. Der waarden 3000 planten fûn en 100 kilo rispe toppen. De fiif hiene ek kwekerijen yn Ljouwert, Drachten, Dolsterhuzen en Grins. Yn de measte gefallen sieten dy op yndustryterreinen.

De fiif manlju fan 26 oant en mei 33 jier âld binne woansdei oanhâlden. De rjochter-kommissaris hat freed bepaald dat se foarearst noch fêstsitten bliuwe. De plysje hat beslach lein op besittings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)