Belch liedt Frysk Festival

© Omrop Fryslân
It Frysk Festival dat takom jier plakfine moat, hat in artistyk lieder beneamd. It is de Belch Guy Coolen (40). Hy wurket no as saaklik en artistyk lieder by in muzykteaterselskip yn Antwerpen.
De saaklike lieding fan it Frysk Festival is yn hannen fan Andries van Weperen fan eveneminteburo Noordplan. De lêste edysje fan it Frysk Festival wie mei Simmer 2000, mei ûnder mear de iepenloftopera op it wetter Orfeo Aqua.