Slachtemaraton yn juny 2008

In ympresje fan de plande twadde Slachtebrêge
Foar de tredde kear yn de skiednis komt der takom jier in Slachtemaraton. De organisaasje hat as datum sneon 14 juny 2008 útkeazen. De ynskriuwing foar sawol de kuierders as de hurdrinners begjint op tiisdei 15 jannewaris takom jier.
De tocht fan takom jier begjint, lykas yn 2000, by de seedyk yn Easterbierrum. De finish is yn Raerd. As alles goed giet komt der noch in brêge oer de sneldyk by Frjentsjer.