Friezen yn Olympia's Tour

15 maaie 2007 - 18:36
  • Lieuwe Westra wie de bêste Fries

Lieuwe Westra fan Mûnein wie tiisdei de bêste Fries yn de 3e etappe fan Olympia's Tour. Jos Pronk wûn de sprint fan in kopgroep fan 22 man. Westra waard fjirde, Marcel Beima fan Hurdegaryp tweintichste. Sipke Zijlstra, Germ van der Burg en Eelke van der Wal moasten 38 sekonden tajaan.

Yn it algemien klassemint is Beima achtste en Westra alfde. Lieder bliuwt Martijn Maaskant. Woansdei is de einstreek by it Abe Lenstrastadion.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)