Dales: 'regear is te laks'

15 maaie 2007 - 17:51

Boargemaster Dales fan Ljouwet ferwyt it regear dat foarstellen om kriminele Antillianen nei har heitelân werom te stjoeren net trochset wurde. Hy hie graach wetlike mooglikheden hân om Antillianen dy't yn de stêd foar oerlêst soargje nei har heitelân werom te stjoeren.

Dales seit dat yn reaksje op in sjitpartij tusken twa Antiliaanske famyljes, moandei yn Ljouwert. Dêrby rekken twa minsken ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)