Weening nei Harkemase Boys

15 maaie 2007 - 17:04

Willem Weening makket it seizoen ôf as trainer by Harkemase Boys. De âld-spiler en assistint-trainer fan 'e Boys sit kommend wykein foar it earst op de bank by de noardlike bekerfinale tsjin Be Quick 1887. Hy nimt it plak oer fan Frits Korbach. Dy waard moandei op non-aktyf steld fanwege de degradaasje fan ôfrûne sneon.

Weening is al jierren aktyf as trainer yn it amateurfuotbal by ûnder mear De Rottefalle, Surhústerfean en VVT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)