'Sjitterij jout negatyf byld'

Moandei wie it safolste sjitynsidint yn Ljouwert
It safolste sjitynsidint yn Ljouwert is in fikse ôffaller foar de Stichting Antillianen Positief. Dat seit foarsitter Da Costa Gomez. De stichting besiket al twa jier de Antilliaanske mienskip posityf yn it nijs te krijen. Nei in perioade fan rêst wie der moandei wer sjitterij.
De stichting praat mei jongeren om se op it goede paad te bringen. Dejinge dêr't it hjir om giet, binne net mear te berikken, seit Da Costa Gomez.