Skorsing driget foar Dingsdag

Michael Dingsdag
Michael Dingsdag hinget in swiere skorsing boppe de holle. De oanklager fan it betelle fuotbal besjocht de tv- bylden fan de oertreding dy't de Hearrenfean-ferdigener makke op Huntelaar. Dingsdag gie op 'e holle stean fan de Ajax-oanfaller.
It foarfal ûntgie skiedsrjochter Bossen, mar Dingsdag kin op grûn fan tv-bylden skorst wurde. Doelman Brian Vandenbussche is nei syn reade kaart troch foar ien wedstriid skorst.