Grutte kabelhaspels stellen

15 maaie 2007 - 16:01

By oannimmersbedriuw A. Hak Infranet yn Ljouwert binne yn 'e nacht fan moandei op tiisdei trije haspels mei hûnderten meters elektrisiteitskabels stellen. Se stiene op it ôfsletten opslachterrein fan it bedriuw oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. Se wage elk sawat 3000 kilo. De kabels binne fan Essent.

It komt hieltyd faker foar dat ditsoarte saken stellen wurde, seit in wurdfierder fan it oannimmersbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)