Lanlike priis Klaas Bruinsma

15 maaie 2007 - 15:52

Skriuwer en oersetter Klaas Bruinsma fan Drachten krijt de Sulveren Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns. De priis wurdt alle jierren takend foar ynset foar kultuer- of natuerbehâld.

Bruinsma krijt de Sulveren Anjer foar it oersetten fan de Ilias en de Odyssee fan Homerus fan it Gryksk nei it Frysk. Bruinsma is fan grut belang foar it Fryske erfguod en de Fryske kultuer, fynt it fûns. Keninginne Beatrix rikt de priis op 7 juny út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)