Ynspraak oer bouplan Damwâld

15 maaie 2007 - 11:52
  • Dit wienen de plannen foar de bouwerij yn Damwâld

Ynwenners fan Dantumadiel kinne har wer útsprekke oer de komst fan in multifunksjoneel sintrum, in supermerk en 26 hûzen yn Damwâld. De gemeente lei earder de proseduere foar de bou stil, om't de motivearring noch wol wat better koe. Nei ekstra ûndersyk is de motivearring no oanpast. It plan bliuwt fierders gelyk.

De bou is tusken de Voorweg en de Molenweg yn Damwâld. It gehiel sil De_Nije_Tille hite.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)