12-jierrigen hast allegear GSM

23 mrt 2012 - 15:11

In soad Fryske bern hawwe in eigen mobile tillefoan. Ut in lanlik ûndersyk Mijn Kind Online docht bliken dat ien op de fjouwer bern fan 8 jier al in mobyltsje hat. Mei 12 jier hawwe se hast allegear ien, faak ek mei ynternet derop. De bern brûke de tillefoan benammen foar sms-en en Whatsappen.

Mear as de helte fan de bern seit net sûnder tillefoan te kinnen. Guon skoallen sette dêrom it mobyltsje yn by de lessen, lykas op Piter Jelles Impulse yn Ljouwert. Dêr wurde app's brûkt om ynformaasje op te sykjen en berjochten út te wikseljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)