Smookferbod yn bosk opheft

Der mei wer smookt en stookt wurde
It smook- en stookferbod yn de natuergebieten fan Opsterlân is tiisdei wer ynlutsen. Moandei luts Weststellingwerf it smookferbod dêr al yn.
Sûnt ein april wie it ferbean om te smoken of iepen fjoer te meitsjen yn natuergebieten. Dat wie nedich fanwege de oanhâlden droechte. Oan dy perioade is no in ein kommen en sadwaande is in smook- en stookferbod ek oerstallich wurden.