Protest tsjin ôffaloven Harns

15 maaie 2007 - 10:28

Aksjefierders hawwe tiisdei goed 3300 hantekens oanbean oan deputearre Anita Andriesen tsjin de Omrinoven yn Harns. Se binne benaud dat de komst fan de ôffalferbaarningsoven yn Harns in grutte oanslach is op de natoer yn it Waadgebiet. Boppedat soe it skealik wêze foar it toerisme.

Omrin wol yn de Harnser haven in reststofenerzjysintrale bouwe dy't al it Fryske ôffal ferbaarnt. Op 25 maaie stimme de oandielhâlders oer de oven.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)