Reinwetterhuzen yn Jistrum

15 maaie 2007 - 10:24
  • Transportbedriuw Combex

Yn Jistrum komme fjouwer wenten te stean mei in reinwettersysteem. Dat wetter wurdt brûkt foar it húske, de waskmasine en as skjinmakwetter. Ek wurde de wenten goed isolearre en wurdt der waarmte weromwûn út dûswetter.

De healfrijsteande hûzen komme op it eardere bedriuwsterrein fan transportbedriuw Combex. Ek komt der in gebou mei 16 wenten foar âlderen. Dat gebou krijt in begroeid dak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)