Professor ûndersiket krisis

Elzinga sil te set mei de bestjoerskrisis yn Wommels
Professor Douwe-Jan Elzinga sil de bestjoerskrisis fan de gemeente Littenseradiel ûndersykje. Elzinga is heechlearaar steatsrjocht oan de universiteit fan Grins. Yn it foarsittersoerlis fan Littenseradiel is besluten him te freegjen ûndersyk te dwaan.
Elzinga moat útfine hoe't it sa kinne koe dat boargemaster en wethâlders net mear troch ien doar kinne. Ek sil er besykje in oplossing te finen.