Politisy sjogge nei Vlietbuert

15 maaie 2007 - 06:51

It aksjekomitee Vliet Heroïne-unit Niet! hat moandei trije keamerleden rûnlaat troch de Vlietsône yn Ljouwert. De buertbewenners binne tsjin op de festiging fan in drugspost, dêr't ferslaafden legaal heroïne en metadon krije kinne. De post komt neist in skoalle en dêr binne de bewenners it net mei iens.

De gemeenteried sjocht lykwols gjin problemen. It aksjekomitee besiket de drugspost te kearen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)