Grutste einekoer fan 'e wrâld

14 maaie 2007 - 21:21

De grutste einekoer fan 'e wrâld wurdt op dit stuit makke yn Surhústerfean. Foeke Boersma makket de koer fan goed twa-en-in-heale meter lang foar de Amsterdamse keunstner Jan van Schaik.

Neist de grutte koer wol Van Schaik ek noch in tal lytsere einekuorren ha. De keunstner wol se brûke foar in projekt yn Vinkeveen. Yn de grutte koer gean meiïnoar alve skeaven. Foar in gewoane einekoer is ien genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)