Friezen yn Olympia's Tour

14 maaie 2007 - 19:01

Tom Leezer hat moandei de twadde etappe fan Olympia's Tour wûn. Mei de winner fan snein, Martijn Maaskant, naaide hy yn it lêst fan de etappe fan Gendringen nei Hoofddorp út. Op 16 sekonden einige in groepke mei Marcel Beima fan Hurdegaryp.

Sipke Zijlstra, Germ van der Burg, Eelke van der Wal, Lieuwe Westra en Wim Stroetinga moasten 1.38 tajaan. Maaskant is de nije lieder, Beima de bêste Fries op it tsiende plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)