Westergeaster ferstoarn

14 maaie 2007 - 17:27

De man (49) út Westergeast dy't begjin maaie ferwûne rekke by in ûngelok by Twizel is ferstoarn. Tusken Twizel en Kollumersweach helle de man de auto fan in automobilist (51) út Ie yn. Dêrby rekken beide auto's elkoar. De bestjoerders stoppen en krigen spul.

De man út Ie soe dêrby mei syn auto de Westergeaster oanriden ha. It slachtoffer is swier ferwûne nei Grins brocht en yn koma rekke. De plysje ûndersiket de saak noch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)