Yes! foar Natuermuseum Fryslân

It Natuermuseum Fryslân hat der wer in stim bykrigen foar de ferkiezing 'aardichste bernemuseum'. It giet om wethâlder Diks fan Ljouwert. Dy stimde op de dei dat it museum by de Aldehou omtinken frege foar de ferkiezing. Hûnderten skoalbern foarmen mei-elkoar it wurd Yes! Boargemaster Crone stimde tongersdei al foar it museum.
It natuermuseum makket mei trije oare musea kâns op de priis fan 100.000 euro. Wa't wint, wurdt bekend makke nei 1 april. Oant en mei dy dei kin noch stimd wurde.