MCL krijt ekstra ferdjipping

14 maaie 2007 - 16:37

It MCL yn Ljouwert krijt der in ekstra ferdjipping by. It sikehûs krijt mear kantoarromte foar 150 meiwurkers fan de hert-ôfdieling. De nijbou wurdt 1600 kante meter grut en kostet 4 miljoen euro. It moat dit jier klear wêze.

De grutte nijbou fan it MCL is noch mar trije jier lyn oplevere. Mar neffens Van Eijndhoven fan de ried fan bestjoer wie net earder te foarsjen dat der noch mear romte nedich wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)