Piloat Cessna hie hertynfarkt

Sytze Smedes fan Harns filme de Cessna
De piloat (64) fan it Cessna-fleantúch dat sneon yn de Waadsee delstoart is, hat in hertynfakt hân. Dat docht bliken út seksje op it lichem. De man waard yn kritike tastân út it wetter helle. Hy is letter yn it sikehûs ferstoarn.
It tastel crashte sneontejûn. De piloat wie ûnderweis nei Emden. Hy fleach sûnder him te melden it Nederlânske loftrom yn. It tastel is sneintemoatn út it wetter helle.