Posthumus út de ried

14 maaie 2007 - 15:54

Riedslid Sybren Posthumus sil yn juny de gemeenteried fan Ljouwert ferlitte. Posthumus ferhuzet nei Reduzum en kin sadwaande gjin riedslid yn Ljouwert bliuwe. Hy bliuwt wol warber by de FNP, mar dan op provinsjaal en ynternasjonaal nivo.

As riedslid wurdt Posthumus opfolge troch Pier Tilma. Posthumus hat fiif jier riedslid west yn Ljouwert. Foar him wie de FNP mear as 20 jier net fertsjintwurdige yn de gemeenteried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)