Adverium noch net ferkocht

14 maaie 2007 - 15:04

Der is noch hieltyd gjin keaper foar it lege Adverium-gebou oan de A7 by Drachten. Eigner de Friesland Bank is dwaande in keaper te finen. Op it stuit binne der gjin belangstellenden, seit in wurdfierder fan de bank.

Wenningbouferiening Smellingerlân wie begjn 2006 fan doel om it gebou te keapen. Om't de gemeente Smellingerlân net tastie dat yn de omkriten fan it Adverium huzen boud wurde mochten, seach de korporaasje derfan ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)