Buske yn brân op A7

14 maaie 2007 - 14:54

Op de A7 fan Snits nei Nijlân is moandei in buske yn de brân flein. Nei alle gedachten wie der koartsluting ûntstien yn it elektryske systeem fan it buske. De sjauffeur koe it buske, mei de oanhingwein, op tiid oan de kant sette. De brânwacht fan Boalsert hie de brân gau ûnder kontrôle. It buske is folslein ferlern gongen.

De rjochterrydstrook waard tydlik ôfsletten troch de plysje. It ferkear hat net folle oerlêst hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)