CAO foar frachtweinsjauffeurs

14 maaie 2007 - 14:50

De aksjes fan frachtweinsjauffeurs binne definityf oer. De leden fan de fakbûnen binne yn grutte mearderheid akkoart gien mei de útkomsten fan it CAO-oerlis.

De sjauffeurs krije yn oardel jier tiid 4,7 persint lean der by. By de sjauffeurs wie in soad ûnrêst oer de CAO. Se ha aksje fierd by de rotonde fan De Jouwer troch dêr hiel stadich te riden. Dat soarge foar in soad oerlêst foar it ferkear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)