Iepen dei fleanbasis Ljouwert

14 maaie 2007 - 14:10
  • takom jier binne der wer iepen dagen by de Ljouwerter fleanbasis

De Fleanbasis Ljouwert sil takom jier op 'e nij iepen dagen organisearje. Dat wie foarich jier ek it gefal. It folgjend jier wie eins bedoeld foar de basis yn Gilze-Rijen, mar dêr binne de ferbouwings noch oan de gong.

De iepen dagen yn Ljouwert wurde takom jier hâlden op 20 en 21 juny. Foarich jier kamen sa'n 200.000 minsken op it evenemint ôf. Dit jier hâldt de Loftmacht har iepen dagen yn Volkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)