Wer wachtlist jeugdsoarch

© Omrop Fryslân
Fryske bern dy't soarch nedich ha, moatte der langer op wachtsje om't der wer wachtlisten binne. Yn Fryslân giet it om sa'n tritich bern dy't langer as njoggen wiken wachtsje moatte. It giet om help by de bern thús, pleatsing yn in tehûs of in pleechgesin.
Alle Bureaus Jeugdzorg hiene ferline jier jild krigen om de wachtlisten oan te pakken. Yn Fryslân is it slagge de wachtlist folslein fuort te wurken. It jild is no op.