Schuil wint op wrâld tour

© Omrop Fryslân
Richard Schuil fan Ljouwert hat tegearre mei syn maat Reinder Nummerdor it beachvolleybaltoernoai yn Bahrein op syn namme skreaun. It wie de earste oerwinning fan it koppel op de wrâld tour.
Beide mannen fersloegen yn 'e finale it Braziliaanske duo Pedro Cunda en Franco Neto nei de setstannen 17-21, 21-19 en 15-13. De oerwinning is in grutte ferrassing. Beide mannen wolle graach nei de Olympyske Spullen.