Janssen yn lanlik bestjoer VVD

14 maaie 2007 - 11:43

De 46-jierrige Jorine Janssen fan Beetstersweach is beneamd ta lid yn it lanlik haadbestjoer fan de VVD. Frou Janssen hat de ôfrûne 15 jier ferskate bestjoersfunksjes hân yn de lokale en provinsjale VVD.

Jorine Janssen wie ûnder oare lid fan it deistich bestjoer fan de Keamersintrale Fryslân. Sûnt 2002 sit se yn de gemeenteried fan Opsterlân. Ferline jier waard se fraksjefoarsitter fan de VVD.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)