Wedstriid gemeenteslogan

14 maaie 2007 - 11:21
  • Kijk, dat is het mooie van Leeuwarden! is de slogan fan de gemeente Ljouwert

Fiif Fryske gemeenten dogge mei oan in wedstryd foar de moaiste slogan fan Nederlân. Dat binne Smellingerlân, Ljouwert, Nijefurd, Tytsjerksteradiel en Wymbritseradiel. Dy lêste hat in Fryske slogan: foar elkoar yn brûzjend Wymbrits.

De oare binne: Dat Drachten wil je meemaken en Kijk, dat is het mooie van Leeuwarden!. Boargers kinne fia www.vngjaarcongres.nl stimme. Op 5 juny wurdt de winner bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)