Undersyk nei djoere managers

14 maaie 2007 - 11:15

De PvdA-steatefraksje wol witte hoefolle ynterimmanagers by de provinsje wurkje dy't mear fertsjinje as 1000 euro deis. Yn de krante stie lêsten in ynterimmanager dy't 30.000 euro yn de moanne fertsjinnet.

Ek wol de partij witte oft it wier is dat dizze manager syn freonen foarlutsen hat by wurk foar de provinsje. Neffens de PvdA soe DS witte moatte fan beneamingen fan ynternimmanagers mei hege beleaningen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)