'Wurkje mei útkearing'

© Omrop Fryslân
Allinnichsteande âlden dy't in bystânsútkearing krije yn Ljouwert, moatte mei subsydzje in dieltydbaan krije kinne. Dat fynt de PvdA-fraksje.
Ljouwert moat meidwaan oan in lanlike proef. Foar allinnichsteande âlden mei jonge bern is in hele baan lestich, mar in dieltydbaan smyt net folle op. Dêrom soe in heale baan neist in útkearing meie moatte. Oer twa jier wurdt de regeling lanlik ynfierd. No kinne gemeenten dermei proefdraaie.