Wim Stroetinga krekt net

13 maaie 2007 - 20:38

Wim Stroetinga is snein yn de earste etappe fan Olympia's Tour twadde wurden. De hurdfytser fan Aldeberkeap moast yn de rit fan Anholt nei Gendringen oer 158 kilometer allinne Martijn Maaskant yn de massasprint foargean litte. Lieuwe Westra fan Mûnein waard tsiende.

Yn it algemien klassemint bliuwt Lars Boom de lieder. Troch de bêste prolooch fan sneon is Germ van der Burg tredde en Lieuwe Westra fjirde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)