Fytster Aldeholtpea oanriden

13 maaie 2007 - 16:21

In 17-jierrige ynwenster fan Adeholtpea is sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Stellingenweg by har wenplak. It famke kaam op 'e fyts by in maneezje wei doe't der in auto oankaam.

De 28-jierrige automobilist út De Hoeve besocht it famke noch te ûntwiken, mar rekke har dochs. It famke rekke dêrby sa bot ferwûne dat se oerbrocht wurde moast nei it sikehûs fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)