Duo oppakt yn 'e trein

13 maaie 2007 - 16:09

In 48-jierrige man út Grins en in like âlde man út Ljouwert binne sneon oanhâlden yn 'e trein fan Grins nei Ljouwert. De plysje hie in melding krige dat de manlju fjoerwapens by harren hiene.

By kontrôle die bliken dat de Ljouwerter in plastic pistoal by him hie, mar wol in echt mes. De Grinzer hie gjin wapens, mar wol drugs by him. De twa binne oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)