Troch dak sakke en 4 m fallen

© Omrop Fryslân
Yn Warkum is sneon in 27-jierrige man troch in dakplaat sakke en 4 meter nei ûnderen fallen. Dat wie yn in loads oan de Wiske. De man wie nei syn fal by kennis. Mei de ambulânse is de man nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.
In 22-jierrige Grinzer rûn sneon yn Heech oer it dak fan in auto. Tsjûgen hiene de plysje belle. De man is yn in fakânsjehúske by Heech oanhâlden. Hy hat syn ekskuzes oanbean oan 'e eigner fan 'e auto.