Illegal Vibes út Harns wei

Illegal Vibes, hjir noch yn Harns
It Harnzer dancefestival Illegal_Vibes brekt mei de Hells_Angels en ferhuzet nei Ljouwert. It is tenei achter it WTC-Expo-terrein en hjit Audio Shock.
Earder wie it festival op it terrein fan de Hells_Angels yn Harns. De organisaasje wie yn hannen fan Forces of Dance en de Hells_Angels diene de befeiliging. Dêrtroch stie it festival wol gauris ter diskusje. Der waard sels besjoen oft it festival net ferbean wurde koe.