Fleantúchje delstoart yn see

F16's hawwe noch besocht de Cessna te rêden
Foar de kust fan Harns is sneontejûn in fleantúchje yn see stoart. De piloat is ferstoarn. It gie om in Cessna dy't ûnderweis wie nei it Dútske Emden.
Omdat gjin kontakt mei de piloat makke wurde koe, binne twa strieljagers fan de fleanbasis Ljouwert yn de efterfolging gien. Koart dêrnei stoarte it fleantúch yn see. Hoe't dat krekt gebeure koe is net wis. Nei alle gedachten is de piloat net goed wurden.