Harkemase Boys degradearre

© Omrop Fryslân
Harkemase Boys is sneon degreadearre út de haadklasse C. Yn de lêste wedstriid waard mei 2-0 ferlern fan Urk. Dêrtroch binne de Harekiten op it ien-nei-lêste plak einige yn de kompetysje.
Nei de 1-0 fan Urk krigen de Boys wol kânsen op de lykmakker, mar in goal bleau út. In dubieuze penalty soarge foar 2-0. De ploech fan trainer Fritz Korbach spile al tsien jier achterinoar yn 'e haadklasse.